Monumint en Keunst
Yn 2011 organisearre de kommisje Tsjerke en Israel fan de Protestantske Gemeente Snits de útstalling ‘Spoaren fan Joadsk libben yn en om Snits’.
De dêrby hearrende webside is noch altyd te finen op it ynternet en is bysûnder de muoite wurdich om te besjen: www.sporenjoodslevensneek.nl.
In ûnderdiel fan dy útstalling wie in bydrage fan de net mear besteande Galerie BAS (Stichting Beeldend Aktief Sneek).
22 keunstners sochten in foarmtaal om ‘spoaren fan Joadsk libben yn en om Snits’ te ferbyldzjen. Wy litte hjir in oantal fan dy keunstwurken sjen. Foar in folslein oersjoch ferwize wy graach nei de boppeneamde webside.
De eigener fan de webside, de Protestantske Gemeente Snits, hat ús tastimming jûn om tekst en bylden te brûken.
De Stichting Monumint Synagoge Snits oerwaget it inisjatyf fan 2011 te werheljen troch mei byldzjend keunstners in útstalling te organisearjen: De ferdwûne Joadske mienskip fan Snits.
Op ús webside hâlde wy jo op ’e hichte.

De ûndersteande foto is ôfkomstich fan de webside www.sporenjoodslevensneek.nl. Op dy webside binne foto’s te sjen fan in útstalling út 2012. Ferskate keunstners hawwe doe keunst en spoaren fan it Joadske libben yn Snits meiinoar ferbûn.
Foto: Theo Jaasma: Hûs mei stroffelstien

Rita Vjodorowa: ‘As in hillich plak net mear bestiet, bliuwt der altyd wat oer fan de hilligens fan it plak, sa seit in âlde Joadske spreuk.’ Rita, berne yn Oekraïne, fûn ynspiraasje yn dy spreuk en makke it skilderij Imagine. Twa bylden oer elkoar hinne: de âlde synagoge en it winkelpân dat derfoar yn ’t plak kaam.

Rein Pol: Stillibben mei wite ‘eierkoeken’ fan bakker Pino. ‘De bekende Snitser bakkersfamylje Pino waard, lykas sa’n soad oaren, fuortfierd en kaam net werom. Dêrom skilderje ik as in hulde oan har hearlike, ek op snein te krijen, wite ‘eierkoeken’, in stillibben, of is it in ûneinich lânskip…’

Janny Bruinsma: Ik wol net ferhúzje. Op ’e muorre hinget in foto fan in Joadsk famke. Ik ken mysels werom yn har hâlding. Stel dat ik har wie en dat ik ferhúzje moast. Om in reden dy’t ik net begriep. Myn hûn mei net mei. Ik bin lilk! Dêr’t ik wenje, bloeie om memmedei hinne tûzenen giele blommen. Ik draach ien, spesjaal foar myn mem. Sa is der foar elk Joadsk bern in hynsteblom! Ik bin berne yn Snits en ik wol net ferhúzje!

Rein Pol: Sinneljocht op Joadsk begraafplak fan Snits. ‘Doe’t ik, om my ynspirearje te litten, it Joadske begraafplak fan Snits besocht, waarden it gers en de âlde grêfstiennen ynienen ferljochte troch waarm sinneljocht. Dêrtroch feroare it sombere plak yn in plak fan hope en fertreasting… It begraafplak draacht wer syn folsleine namme: Beth Hachaim – hûs fan it libben -.’
