Notice: Function _load_textdomain_just_in_time was called incorrectly. Translation loading for the rocket domain was triggered too early. This is usually an indicator for some code in the plugin or theme running too early. Translations should be loaded at the init action or later. Please see Debugging in WordPress for more information. (This message was added in version 6.7.0.) in /home/mss/domains/monumentsynagogesneek.nl/public_html/wp-includes/functions.php on line 6131
It monumint – Monument Synagoge Sneek

Wêrom dit monumint?

‘…ta oantinken oan de eardere synagoge fan Snits en dêrby ek as neitins oan de ferdwûne Joadske mienskip fan de stêd Snits…’

(sitaat út de oprjochtingsakte fan Stifting Monumint Synagoge Snits)

De oanlieding

It begûn mei twa ynwenners fan Snits: Marcel Wallage en Matthijs Graafland, dy’t oanfanklik ûnôfhinklik fan elkoar oandacht fregen foar it monumint by de eardere synagoge fan Snits.

It is harren in toarne yn it each dat it âlde monumint ferwaarleaze wurdt , skeind is en misbrûkt wurdt as fytserek, jiskebak en sels as hûne-urinoir. . It falt net op as monumint, ynformaasje ûntbrekt, minsken rinne deroan foarby.

Gelokkich fûnen dy twa elkoar en se besleaten de hannen yninoar te slaan . In tredde persoan, Henk van der Veer, sleat him oan en dit trijemanskip skreau, prate en belle mei ferantwurdliken fan ferskate Snitser ynstellingen om harren inisjatyf kenber te meitsjen, nammentlik it ferfangen fan it âlde monumint troch in weardiger monumint.

It âlde monumint

Yn 1972 wurdt, op inisjatyf fan de Fryske Kultuerried, in tinkstien yn it trottoir foar it plak dêr’t de synagoge stie pleatst Yn 1984 wurdt besletten om de stien op in sokkel yn ’e foarm fan in Davidsstjer te pleatsen. In oantal Joadske ynwenners skreau in tankbrief: ‘…Wy fine dat de feroaring fan de tinkstien yn de Davidsstjer hiel moai wurden is. No steane de minsken derby stil yn stee fan deroerhinne te rinnen…’

Dochs falt fan 1995 ôf op, sa’t bliken docht út in ynstjoerde brief, dat it publyk it monumint ûneigentlik brûkt. In ferûntweardige Snitser hat it sels oer fandalisme.

Oan it wurk

Nei 27 jier, yn 2022, is der noch altyd neat feroare. Marcel, Matthijs en Henk lûke oan de bel.

De gemeente Súdwest-Fryslân freget om in plan fan oanpak. De inisjatyfploech freget de treflike ûntwerper en keunstner Piet Cohen om in ûntwerp te meitsjen. . Piet betinkt in monumint, makke fan cortenstiel mei dêryn seis getten glêzen trijehoeken. It ûntwerp ferwiist nei de ferdwûne Joadske mienskip fan Snits, fêstlein yn it symboal fan de Davidsstjer.

De inisjatyfnimmers bringe it projekt ûnder by de Stifting Monumint Synagoge Snits.

Yn de oprjochtingsakte fan de Stifting wurdt it doel offisjeel beskreaun:

De Stifting hat as doel it realisearjen fan in nij monumint as oantinken oan de eardere synagoge fan Snits en dêrby ek ta neitins oan de ferdwûne Joadske mienskip fan de stêd Snits en it útfieren fan alles wat dêrmei ferbân hâldt of dêr befoarderlik foar wêze kin.

Dat doel hâldt net allinnich it realisearjen fan in monumint yn, mar ek it belûken fan bygelyks skoallen en oare relevante organisaasjes by dit projekt om Snits dêrtroch te ferrykjen mei in libben monumint.

Teksten: Matthijs Graafland

Vormgeving: Jan Dijkstra