De Joadske skiednis fan Snits
It begjin
Yn Snits ûntstie begjin 1700 in lytse Joadske mienskip . Earst in hantsjefol, mar doe’t it tal oprûn ta sa’n 20 persoanen , ûntstie der in groepsferbân. Earst waard in part fan in partikuliere wenning brûkt as moetingsplak. Letter koe sels in hûs oankocht wurde, dêr’t de boppekeamer fan ynrjochte waard as synagoge. Yn 1823 waard grûn ferwurven om in begraafplak yn te rjochtsjen.
Fan hússynagoge nei ‘echte’ synagoge
Yn 1836 bestie de Joadske mienskip yn Snits út 120 minsken, 20 húshâldings. It wie noch altyd in betreklik lytse groep, mar it oankochte hûs waard te lyts. Der waard besletten om in ‘echte’ synagoge te bouwen. It plan waard útfierd en op 12 maart 1836 waard de nije synagoge ynwijd.
De mienskip bleau lyts en it wie dreech om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden. Bysûnder is dochs wol dat in soad net-Joadske Snitsers finansjeel bydroegen oan de bou fan de synagoge en dat de jierlikse kollekte fan it Earmebestjoer foar minsken dy’t help nedich wienen holden wurde mocht ûnder alle ynwenners fan Snits.
Yn 1880 waard de synagoge oan de Wide Burchstrjitte yngripend ferboud yn de Neomoarske styl troch de stedsarsjitekt Breunissen Troost


In ferdwinende mienskip
Tolve jier letter telde Snits 141 Joaden; dêrnei begûn de efterútgong. In soad Joadske húshâldings ferlieten Snits om yn plakken te wenjen dêr’t gruttere Joadske mienskippen wienen.
De oarloch betsjutte de ein fan de Joadske mienskip yn Snits. Der wienen noch 68 ‘registrearre’ Joaden; fan harren waarden de measten deportearre en fermoarde. 25 Snitser Joaden oerlibben de oarloch troch ûnder te dûken – in relatyf grut oantal ferlike mei de rest yn Nederlân, dêr’t de Snitser ûndergrûnse in grutte rol yn spile hat.
De synagoge waard yn de oarloch fernield en nei de oarloch bliek it ûnmooglik om in nije Joadske mienskip yn Snits op te rjochtsjen. De weromkommen Joaden fan de mienskip waarden opnommen yn de mienskip fan Ljouwert.
Yn 1949 waard wat fan de synagoge noch oer wie, ôfbrutsen. Der kaam in stoffesaak en magasyn foar Yn 1950 waard de Joadske mienskip fan Snits opheft. It tal Joaden yn Snits is op dit stuit wer sa lyts as yn it begjin fan 1700: in hantsjefol.
Joadske monuminten yn Snits
It nije monumint by de eardere synagoge is wis net it iennige monumint dat oan Joadsk Snits tinken docht.
Stroffelstiennen
Lit ús begjinne mei de lytsere monumintsjes dy’t op ferskate plakken yn Snits te finen binne: de Stroffelstiennen. Frysk: Stroffelstiennen. De Dútske byldhouwer-keunstner Gunter Demnig betocht dit Stolpersteine-projekt. Op de stientsjes, dy’t pleatst binne foar de huzen dêr’t ea Joadske Snitsers wennen, stiet de namme, it bertejier, en it jier en plak fan ferstjerren fan de bewenner. Dat plak fan ferstjerren wie yn de measte gefallen in konsintraasjekamp dêr’t dizze Joadske ynwenners fan Snits fermoarde waarden.
De earste stientsjes binne troch Demnig pleatst op 20 april 2009. It gie om stientsjes dy’t herinnerje oan Jakob, Erna en Lientje Pino oan de Koarte Feemerkstrjitte 7. Jakob en Erna hienen dêr in kafee. Op tiisdeis kamen dêr feekeaplju om har saken ôf te hanneljen en wat te drinken. Mechgelien, dy’t Lientje neamd waard, wie harren famke. Se siet yn de earste oarlochsjierren op de Iepenbiere Legere skoalle.
De Dútske besetter besleat yn 1941 dat ‘bern fan Joadsk bloed’ fan skoalle ôf moasten en ûnderwiis folgje moasten op spesjale Joadske skoallen.



fers Strúkelstienen
Henk van der Veer
Strúkelstienen
der lêge strúkelstienen met fan dy moaie glimmende messingplaatsjes
in’e stoep foar ut kafee fan ut ouwe ferlaten Sneker feemerktterrein
kleine strúkelstienen foar Jakob Pino & syn frou Erna Adler
en ok foar hun dòchterke Mechgelien Pino
in ut fan gòdverlaten Auschwitz liep ut spoar van dizze Pino’s doad
gyn teken van leven mear, laat staan hun naam útbeiteld in stien
der lêge strúkelstienen met fan dy moaie glimmende messingplaatsjes
as un skraal earesalút foar fader Jakob & moeke Erna
en foar dy lieve lieve Lientsje nòch mar elf jaar oud
Ynformaasje oer de oare Stroffelstiennen fine jo op:
It part oer it wegerjen fan Joadske learlingen op skoallen is ta stân kaam troch eigen ûndersyk yn it gemeenteargyf dat te finen is yn Kultuerhistoarysk sintrum ‘De Tiid’ yn Boalsert. (Matthijs Graafland)
It fers Strúkelstienen fan Henk van der Veer ferskynde yn 2015 yn de bondel De Dames Pino – en oare fersen oer Joadske Snitsers.

Trije stientsjes foar it kafee (letter kafee Vellinga) hâlde de neitins oan dizze húshâlding libben.

Joadsk Begraafplak
Yn 1823 liet de Joadske mienskip fan Snits in eigen begraafplak oanlizze op de Barrewier. Dat is in terp dy’t doe bûten de beboude kom lei. Underwyls leit it begraafplak tusken de bebouwing oan de Ljouwerterwei en it Boargemaster De Hooppark. Op it begraafplak binne 96 grêfstiennen bewarre bleaun, de âldste stamt út 1823 . It begraafplak is net frij tagonklik.

Joadsk monumint neist it begraafplak
Byldzjend keunstner Dirk Hakze ûntwurp in monumint as oantinken oan de Joadske mienskip yn de stêd Snits. Fan 2010 ôf stiet it neist de yngong fan it Joadske begraafplak.
Troch skaadfoarming ûntstiet op ’e flier fan it monumint in Davidsstjer. Op de Joadske feestdei Jom Kippoer is de stjer folslein yn ferhâlding. De tolve linen fan it skaad steane foar de tolve stammen fan Israël, fuortkommen út de soannen fan stamheit Jacob. De trettjin fakken dy’t ûntsteane troch de linen steane foar de trettjin belangrykste grûnslaggen fan de Joadske godstsjinst, sa’t dy formulearre binne troch de Joadske filosoof en rabbyn Maimonides.

Tinkmuorre
Yn ’e tún fan it stedhûs fan Snits stiet in monumint dêr’t de Joadske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch út Snits mei betocht wurde.
It bôgefoarmige muorke kaam ta stân yn 1995. Dêr binne de nammen en de berte- en stjerdata fan de omkommen Joaden út Snits op oanjûn. Ek wurde de plakken neamd dêr’t se it libben ferlearen. In yndrukwekkend en tryst refrein .
Auschwitz -Sobibor-Auschwitz-Sobibor
