It monumint
Yn 1972 wurdt, op inisjatyf fan de Fryske Kultuerried, in tinkstien yn it trottoir foar it plak dêr’t de synagoge stie pleatst Yn 1984 wurdt besletten om de stien op in sokkel yn ’e foarm fan in Davidsstjer te pleatsen. In oantal Joadske ynwenners skreau in tankbrief: ‘…Wy fine dat de feroaring fan de tinkstien yn de Davidsstjer hiel moai wurden is. No steane de minsken derby stil yn stee fan deroerhinne te rinnen…’. Dochs falt fan 1995 ôf op, sa’t bliken docht út in ynstjoerde brief, dat it publyk it monumint ûneigentlik brûkt. In ferûntweardige Snitser hat it sels oer fandalisme.
Nei 27 jier, yn 2022, is der noch altyd neat feroare. Marcel, Matthijs en Henk lûke oan de bel.
De gemeente Súdwest-Fryslân freget om in plan fan oanpak. De inisjatyfploech freget de treflike ûntwerper en keunstner Piet Cohen om in ûntwerp te meitsjen. . Piet betinkt in monumint, makke fan cortenstiel mei dêryn seis getten glêzen trijehoeken. It ûntwerp ferwiist nei de ferdwûne Joadske mienskip fan Snits, fêstlein yn it symboal fan de Davidsstjer.


De Joadske skiednis fan Snits
Yn Snits ûntstie begjin 1700 in lytse Joadske mienskip . Earst in hantsjefol, mar doe’t it tal oprûn ta sa’n 20 persoanen , ûntstie der in groepsferbân. Earst waard in part fan in partikuliere wenning brûkt as moetingsplak. Letter koe sels in hûs oankocht wurde, dêr’t de boppekeamer fan ynrjochte waard as synagoge. Yn 1823 waard grûn ferwurven om in begraafplak yn te rjochtsjen.
Yn 1836 bestie de Joadske mienskip yn Snits út 120 minsken, 20 húshâldings. It wie noch altyd in betreklik lytse groep, mar it oankochte hûs waard te lyts. Der waard besletten om in ‘echte’ synagoge te bouwen. It plan waard útfierd en op 12 maart 1836 waard de nije synagoge ynwijd.
In libben monumint
It wie foar de inisjatyfnimmers fan it monumint fan it begjin ôf dúdlik dat it net allinnich giet om in moai monumint, mar ek om it organisearjen fan ferskate aktiviteiten dy’t dit monumint libben meitsje.
Yn gearwurking mei de skoallen RSG Magister Alvinus en CSG Bogerman is lesmateriaal ûntwikkele dat diel útmakket fan it lesprogramma.
Dêrneist sille geregeld aktiviteiten organisearre wurde dy’t it oantinken oan Joadsk Snits libben hâlde sille.

